Teammanager Mediadesk Redaksje
Omrop Fryslân makket ferhalen dy’t ynformearje, ynspirearje en amusearje. Dêrmei ferbynt en ferriket de Omrop elkenien dy’t him of har mei Fryslân ferbûn fielt.
Omrop Fryslân siket in ferbinende en ynspirearjende Teammanager Mediadesk Redaksje
Omrop Fryslân is dé regionale Omrop fan Fryslân. Mei ús entûsjaste teams bringe wy alle dagen it lêste nijs, reportaazjes, eftergrûnen en ferdivedaasje.
As teammanager Mediadesk stiest oan it roer fan de distribúsje fan ús sjoernalistike ynhâld. Do soargest derfoar dat ús ferhalen it publyk berikke fia de kanalen dêr’t Omrop Fryslân aktyf is: web, app, sosjale media, radio en telefyzje. Do liedst it team dat bepaalt wêr, wannear en op hokker manier ynhâld publisearre wurdt. Sa krijt elk ferhaal de foarm en it platfoarm dat it bêste past by de doelgroep. Do hast each foar de ferskillen tusken de kanalen en witst hoe’tst ynhâld optimaal presintearje en ferspriede kinst.
Do bist binnen de redaksje de skeakel tusken strategy en praktyk. Do joust rjochting, romte en enerzjy oan ien of mear redaksjeteams en soargest derfoar dat ús ferhalen relevant, betrouber en fernijend bliuwe. Do makkest diel út fan it redaksje-MT ûnder lieding fan de haadredakteur en setst de sjoernalistike fisy fan Omrop Fryslân oer nei konkrete plannen, produksjes en resultaten.
Dyn rol
- joust lieding, ynspiraasje en coaching oan dyn team;
- soargest foar in feilige, iepen en stimulearjende wurkomjouwing;
- hâldst de kwaliteit, ûnôfhinklikens en impact fan ús ynhâld heech;
- setst yn op fernijing: fan fertelfoarmen oant it brûken fan data en AI;
- bist ferantwurdlik foar planning, prioriteiten en budzjet;
- tinkst mei op strategysk nivo, advisearrest de haadredakteur en bist lid fan it redaksjonele MT.
Dyn taken
- ferbynst strategy mei de deistige redaksjepraktyk;
- stimulearrest eksperiminten en kreative fertelfoarmen (audio, fideo, digitaal, AI);
- brûkst publyksdata en ynsichten om better kieze te kinnen;
- wurkest aktyf gear mei oare teams en ôfdielingen;
- hâldst de finger oan ‘e pols by kwaliteit, etyk en betrouberens;
- grypst yn as it moat en hâldst oersjoch, ek yn drege situaasjes.
Wy sykje in lieder dy’t:
- situasjoneel lieding jout en minsken groeie lit;
- digitaal en AI-feardich is en dêr kritysk nei sjocht;
- koers hâlde kin yn feroaring;
- publyksrjochte tinkt en data brûkt;
- fernijing oanset en romte jout oan kreativiteit;
- strategysk ynsjoch hat en pragmatysk hannelet;
- ferbinend en dúdlik kommunisearret;
- beslútfeardich is en ferantwurdlikens nimt;
- graach gearwurket, ek bûten de redaksje.
En fansels: do behearskest it Frysk en Nederlânsk poerbêst en bist in ambassadeur fan ús taal.
Wêr’t wy foar steane by Omrop Fryslân:
- wy ferbine minsken;
- wy fertelle ferhalen mei djipgong;
- wy rinne foarop yn ûntwikkeling;
- wy meitsje ûnderskiedende ynhâld;
- wy ynformearje betrouber;
- wy drage Fryske tema’s mei grutskens út;
- wy bouwe oan in trou en belutsen publyk;
- wy wurkje yn in posityf en iepen klimaat.
Untwikkeling
Dizze funksje groeit mei dy en ús organisaasje mei. Mei de haadredakteur stelst jierliks in persoanlik ûntwikkelplan op dat oanslút by dyn ambysjes én de takomst fan Omrop Fryslân.
Wat biede wy dy?
- in lean yn leanskaal J fan de cao foar it omroppersoniel;
- ôfspraken foar in jier (as it fan beide kanten goed befalt, wurde dy nei dat jier definityf makke);
- in passende liederskipstraining/liederskipstrajekt.
Fragen?
Nim kontakt op mei Sybren Terpstra, ferfangend haadredakteur, telefoanysk fia 058 2997799 (oant en mei 2 july beskikber foar fragen) of mei Houkje Rijpstra, direkteur, fia houkje.rijpstra@omropfryslan.nl.
Reagearje?
Bist entûsjast wurden? Sollisitearje oant en mei 12 july 2026. Dyn reaksje kinst maile nei Fokelina de Boer, Haad HR, fia HR@omropfryslan.nl. In assessment heart by de proseduere.
Akwisysje wurdt net op priis steld.









