Omrop Fryslân, Leeuwarden, geplaatst op 16 oktober 2020

haad Publyk

Logo Omrop Fryslân

Omrop Fryslân makket ferhalen dy’t ynformearje, ynspirearje en amusearje. Dêrmei ferbynt en ferriket de Omrop elkenien dy’t him mei Fryslân ferbûn fielt.

Omrop Fryslân siket in:

haad Publyk
32/36 oeren wyks

De ôfdieling Publyk is in nije ôfdieling dy’t bestiet út marketing & kommunikaasje, foarmjouwing, social media & ynteraksje en publyksservice.
De ôfdieling Publyk werft, berikt en belûkt it publyk by de Omrop. As haad Publyk bisto de spil om de ferhalen by ús publyk te bringen en om it publyk mei de Omrop te ferbinen.
Liket it dy in moaie útdaging om lieding te jaan oan dizze nije ôfdieling? Kom fierder!

Oer Omrop Fryslân:
Mei meiwurkers fan alle ôfdielingen en stakeholders is de ôfrûne oardel jier yntinsyf gearwurke oan in nije misje, fyzje en strategy. It nije strategysk plan ‘Kom Fierder’ stiet de kommende jierren sintraal mei trije pylders, te witten: Ferhalen, Publyk en Middels.
Der is in nije wurkwize formulearre, dêrby stean de eigen ferantwurdlikheid fan de meiwurkers en selsstannich en profesjoneel wurkjen foarop.

We wolle ús noch sterker as foarhinne ferbine mei ús publyk, oanwêzich en sichtber wêze.

Om ynfolling te jaan oan it strategysk plan en om oan dizze nije ôfdieling foarm te jaan, sykje wy in krêftige en ferbinende haad Publyk.

As haad Publyk fan Omrop Fryslân:
-Wurkesto op in stimulearjende en coachende wize en jousto lieding oan de ôfdieling
-Bisto fanselssprekkend op ’e hichte fan de lêste ûntwikkelingen op it mêd fan (online) marketing en publisiteit
-Bisto de ferbiner tusken it publyk en de ferhalen
-Fertsjinwurdigesto de Omrop yn eksterne gearkomsten
-Bisto lid fan it MT en bepaalst mei de begrutting en fertaalst dy yn jierplannen
-As MT-lid bisto mei ferantwurdlik foar de strategy en kontinuïteit fan Omrop Fryslân
-Hasto akademysk wurk- en tinknivo en minimaal 3 jier relevante wurkûnderfining

Dêrneist praatsto Frysk of bist ree om dat te learen en wennest yn Fryslân of bist ree hjir te wenjen.

As lêste:
Do krigest in passend lean neffens de ‘cao voor het Omroeppersoneel’ yn skaal J.
Dêrneist biede wy goede sekundêre arbeidsbetingsten lykas in ûnkostefergoeding, in fytsplan, wurkfruit en is der in protte romte om dysels te ûntwikkeljen.

Is dit dé baan dy’tsto sikest, dan nûgje wy dy fan herte út om te sollisitearjen!

Stjoer dyn sollisitaasje foar freed 23 oktober oankommend nei Fokelina de Boer, adviseur P&O, fia P&O@omropfryslan.nl

Foar mear ynformaasje oer dizze funksje kinst kontakt opnimme mei Nina Hiddema, direkteur, tel. 058 2997799.
De telefoanyske útnûgingen foar de petearen binne op moandei 26 oktober oankommend. De earste petearen binne yn wike 45 op moandei 2 en woansdei 4 novimber

Dizze fakatuere is yn- en ekstern iepensteld. By lykweardige geskiktheid hawwe de ynterne kandidaten foarrang.

In assessment kin diel útmeitsje fan de proseduere. Akwisysje wurdt net op priis steld.

Omrop Fryslân maakt verhalen die informeren, inspireren en amuseren. Daarmee verbindt en verrijkt de Omrop iedereen die zich verbonden voelt met Fryslân.
Omrop Fryslân zoekt een:

hoofd Publiek
32/36 uren per week

De afdeling Publiek is een nieuwe afdeling die bestaat uit marketing & communicatie, vormgeving, social media & interactie en publieksservice. De afdeling Publiek werft, bereikt en betrekt het publiek bij Omrop Fryslân. Als hoofd Publiek ben jij de spil om de verhalen bij ons publiek te brengen en om het publiek met de Omrop te verbinden. Lijkt het jou een mooie uitdaging om leiding te geven aan deze nieuwe afdeling? Kom verder!

Over Omrop Fryslân:
Met medewerkers van alle afdelingen en stakeholders is er het afgelopen anderhalf jaar intensief samengewerkt aan een nieuwe missie, visie en strategie. Het nieuwe strategische plan ‘Kom Fierder’ staat de komende jaren centraal met drie pijlers: Verhalen, Publiek en Middelen.
Er is een nieuwe werkwijze geformuleerd, waarbij de eigen verantwoordelijkheid van de medewerkers en zelfstandig en professioneel werken voorop staan.
Wij willen ons nog sterker dan voorheen verbinden met ons publiek, aanwezig en zichtbaar zijn.
Om invulling te geven aan het strategisch plan en om deze nieuwe afdeling vorm te geven, zijn wij op zoek naar een krachtig en verbindend hoofd Publiek.

Als hoofd Publiek van Omrop Fryslân:
-Werk je op een stimulerende en coachende wijze en geef je leiding aan de afdeling
-Ben je vanzelfsprekend op de hoogte van de laatste ontwikkelingen op het gebied van (online) marketing en publiciteit
-Ben je de verbinder tussen het publiek en de verhalen
-Vertegenwoordig je de Omrop bij externe bijeenkomsten
-Ben je lid van het MT en bepaal je mede de begroting en vertaal je die in jaarplannen
-Als MT-lid ben je verantwoordelijk voor de strategie en continuïteit van Omrop Fryslân
-Heb je academisch werk- en denkniveau en minimaal 3 jaar relevante werkervaring
-Daarnaast spreek je Fries of ben je bereid om dit te leren en woon je in Fryslân of ben je bereid hier te gaan wonen.

Tot slot:
Je krijgt een passend loon volgens de ‘cao voor het Omroeppersoneel’ in schaal J.
Daarnaast bieden wij goede secundaire arbeidsvoorwaarden zoals een onkostenvergoeding, een fietsplan, werkfruit en is er veel ruimte om jezelf te ontwikkelen.
Is dit dé baan die je zoekt, dan nodigen wij jou van harte uit om te solliciteren!

Stuur jouw sollicitatie voor vrijdag 23 oktober aanstaande naar Fokelina de Boer, adviseur P&O, via p&o@omropfryslan.nl

Voor meer informatie over deze functie kun je contact opnemen met Nina Hiddema, directeur, tel. 058 2997799.
De eerste gesprekken vinden plaats in week 45 op maandag 2 of woensdag 4 november. De telefonische uitnodigingen voor de gesprekken zijn op maandag 26 oktober aanstaande.

Deze vacature is in- en extern opengesteld. Bij gelijkwaardige geschiktheid hebben de interne kandidaten voorrang.
Een assessment kan deel uitmaken van de procedure. Acquisitie wordt niet op prijs gesteld.

 

Colofon

Villamedia is een uitgave van Villamedia Uitgeverij BV

Postadres

Villamedia Uitgeverij BV
Postbus 75997
1070 AZ Amsterdam

Bezoekadres

Johannes Vermeerstraat 22
1071 DR Amsterdam

Contact

redactie@villamedia.nl

Redactie (tips?)

Dolf Rogmans
Hoofdredacteur

Marjolein Slats
Adjunct-hoofdredacteur

Linda Nab
Redacteur

Lars Pasveer
Redacteur

Trudy Brandenburg-Van de Ven
Redacteur

Anneke de Bruin
Vormgever

Marc Willemsen
Webontwikkelaar

Vacatures & advertenties

redactie@villamedia.nl

Bereik

Villamedia trekt maandelijks gemiddeld 120.000 unieke bezoekers. De bezoekers genereren momenteel zo’n 800.000 pageviews.

Rechten

Villamedia heeft zich ingespannen om alle rechthebbenden van beelden en teksten te achterhalen. Meen je rechten te kunnen doen gelden, dan kun je je bij ons melden.