Freelance programmamakker / producer

Omrop Fryslân makket ferhalen dy’t ynformearje, ynspirearje en amusearje. Dêrmei ferbynt en ferriket de Omrop elkenien dy’t him of har mei Fryslân ferbûn fielt.
Bisto de kollega dy’t wy sykje?
As programmamakker / producer wurkest foar de redaksje middel-Faria. Do tinkst mei oer de ynhâld fan ûnderwerpen foar de ferskate platfoarms en komst mei nije programma-ideeën. Do makkest sels ferhalen mei in faria-karakter, hast oerlis mei de ferskate programma-redaksjes en bist by steat om selsstannich ferhalen op te nimmen en út te wurkjen foar sawol online, radio as telefyzje.
Fierdere taken:
• Untwikkelest programma-ideeën en dochst foarstellen.
• Dochst ûndersyk nei út te stjoeren ûnderwerpen.
• Begeliedst en regissearrest de live-útstjoering.
• Helpst mei om it programma ynhâldlik en produksjoneel ta te rieden.
Wat hast yn hûs?
• Do beskikst oer in relevante oplieding.
• Dyn algemiene ûntwikkeling is breed.
• Do hast goede kontaktuele eigenskippen.
• Do praatst floeiend Frysk. Frysk skriuwe is in pree.
• Do hast sjoernalistike kwaliteiten.
Hast ûndersteande feardichheden?
• Do bist selsstannich en ûnôfhinklik.
• Do fielst dy ferantwurdlik.
• Do bist kreatyf.
• Do hast it fermogen om te learen en om te feroarjen.
• Do kinst goed gearwurkje mei oaren.
Wa binne wy?
Mei meiwurkers fan alle ôfdielingen en stakeholders is de ôfrûne tiid yntinsyf gearwurke oan in nije misje, fyzje en strategy. It nije strategysk plan ‘Kom Fierder’ stiet de kommende jierren sintraal mei trije pylders, te witten: Ferhalen, Publyk en Technyk.
Der is in nije wurkwize formulearre, dêrby stiet de eigen ferantwurdlikheid fan de meiwurkers, selsstannich en profesjoneel wurkje foarop.
Wat krigesto fan ús?
• Ynset en prestaasje wurde beleanne mei in passend taryf ôfstimd op wurkûnderfining.
Wurdsto ús nije kollega?
Wachtsje net langer en sollisitearje op dizze fakatuere. Hast fragen, nim dan kontakt op mei Ingrid Spijkers, haadredakteur, fia ingrid.spijkers@omropfryslan.nl. Stjoer dyn motivaasje (yn hokker foarm dan ek) foar 6 july nei Fokelina de Boer, haad P&O, fia P&O@omropfryslan.nl